|
Doe't de side fan Tresoar mei Operaesje Fers-gedichten online set waard, kaam der ek omtinken foar alle "oare" gedichten dy't al
yn it argyf fan it eardere FLMD opslein wiene, om dy ek online oan it publyk oan te bieden.
Dat is no bard yn kombinaasje mei de Operaesje Fers-gedichten yn ien database.
Lykwols mei de útwreide sykfunksje om ek op kategory sykje te kinnen. Sa kinne jo bygelyks alle humoristyske gedichten,
of gedichten oer de dea, mei ien klik byinoar sykje.
De Operaesje Fers-gedichten binne lykwols net op kategory űntsletten. It jildt allinnich foar de "nije" rispinge oan poësij. En dy
wurdt noch altyd oanfold, seker no't dęr de opnames út it argyf fan Omrop Fryslân bykomme.
Jo kinne sykje op de folgjende kategoryen:
Alderdom; Bernegedichten; Dea; Ferskaat; Eangst; Eveneminten; Humor; Iensumens;
Ite & Drinke; Jeugd; Lânskip; Leafde; Lokaasje; Operaesje Fers; Persoanen; Reis;
Relaasje; Religy; Sfear; Skieding; Sport; Stilte; Sykte; Tema; Wetter.
Dit binne de tema's dy't wy yn de gedichten tsjinkommen binne, alhoewol't dat altyd in persoanlike ynfulling bliuwt
om't in oare lęzer der wer oare tema's út helje sil.
Soms wiene der ek gedichten dy't yn gjin inkeld fakje foelen en dy binne űnder Ferskaat byinoar brocht.
|